.Wy lûke jo hjoed it jier 1964 yn, in skarnierjier sille de minsken letter sizze. Foar de âlden hinget it fertroude noch as in waarme tekken oer ús doarpke. Mar de jongerein fielt al wjukslagen fan it nije dat komme moat. Fan de feroaringen dy’t se sels yn it wurk sette sille, as se dat no wolle of net.


Hessel is ôfswaaid út tsjinst en komt einlings út Seedorff werom nei syn doarpke ta, nei syn folk en nei syn ferloofde Marije, dy’t skoaljuffer is. En wat foar ien. Syn heit ferwachtet dat Hessel fan no oan ôf mei him oparbeidzje sil yn harren famylje timmerbedriuw. Dêrtsjinoer wol oankommende skoanheit neat leaver dat Hessel him op de buorkerij ta wurkjen set, ek al hat de mem fan Marije der hiel oare ideeën oer. Hout of hea? Krekt, dêr ha jo it. Wat soe Hessel eins sels wolle, yn dit lân dat sa moai klear leit foar him en syn Marije?


Mar it doarp is mear as âlden mei ferwachtingen en in spantsje mei  ferplichtingen. Folle mear. Kom yn ’e kunde mei keunstner Brand en syn popkes Hip en Hop, mei Steffi en Truus en dy Sikeltsje fan it VéGé winkeltsje. En beppe Klaas, dé beppe Klaas, dy’t mei har eigensinnigens faaks noch it bêste de nije fibraasjes yn ús iepen loft oanfielt. Der komme drugs it doarp yn, it jild begjint te rôljen en falt der in bleate boarst te besjen? Yn elts gefal sit der muzyk yn. In protte muzyk, want de sechtiger jierren sûnder muzyk, dat kin fansels net!



Hessel:              Jongfeint: Arno Looper

Marije:              Faam fan Hessel, juffer op skoalle: Johanna vd Laan

Hindrik:             Grutboer en heit fan Marije: Feitze v.d. Molen

Elisabeth:           Frou fan boer en mem fan Marije: Maaike de Boer

Liekele:             Timmerman, heit fan Hessel: Oene Reitsma

Feikje:               Frou fan timmerman, mem fan Hessel: Baukje v.d. Vlugt

Truus:                Freondinne fan Marije: Hedy de Boer

Murk:                Sloper Sûgerfear: Jan Schokker

Brand:               Keunstskilder en soan fan de sloper: Peter Sinnige

Steffi:                Dochter fan de sloper: Ellen Moll

Klaas:               Mem fan Murk en hippie: Anneke Klijnstra

Sikeltsje:           Hat in VeGe winkeltsje: Sjoekje Meijer

Hip:                  Freondinne fan Brand: Gretha Dijkstra

Hop:                 Freondinne fan Brand: Marianne Schokker

Kroechbaas:     Marchel de Boer

Trompetist/arbeider       Kjeld Hanegraaf

Reizger:            Bonne Schokker

Band:               ‘De Gobblers’

Stim:                Pyt Achenbach

Stik:                 Jan Schokker

Dichtwurk:       Lomme Schokker

Rezjy:              Janna Jager

Dekôr:             Bonne en Jan Schokker



Rolferdieling